Kategoryen

No products in the cart.

Stip

Stip is in hûntsje út de berneboekerige fan Eric Hill. Yn it Hollânsk wurdt er ‘Dribbel’ neamd en yn it ingels ‘Spot’.

It waard foar it earst útjûn yn 1980 mei it hjoed de dei ferneamde “sjoch achter it flapke”-idee. Yn totaal binne der oer de hiele wrâld mear as fjouwer miljoen eksimplaren fan ‘Stip’ ferkocht. Syn aventoeren binne oersetten yn mear as 65 talen, wêrûnder yn it Bretonsk, it Welsh en fansels it Frysk. Der binne mear as 75 ferskillende boeken fan ‘Stip’ ferskynd. Yn totaal binne der oer de hiele wrâld mear as fjirtich miljoen Stip-boeken printe en wurde de boeken yn mear as hûndert ferskillende lannen útbrocht.

De boekjes dy’t yn it Frysk ferskynd binne en op dit stuit te krijen binne, binne hjir te finen.

Alle 12 resultaten