It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De Fryske boeken top 10!

Yn ferbân mei it Koronafirus is de Boekewike in Boekemoanne wurden, dy duorret noch oant en mei 31 maart. Dêrom ha wy hjir in Fryske boeken top 10 foar jimme gearstald. Yn de Boekemoanne kriget elk by in besteging fan 15 euro oan boeken it Boekewikegeskink ‘Leon & Juliette’ fan Annejet van der Zijl der fergees by.

Wy ha ek foar bern hjir in Fryske printeboeken top 10 makke!

 

Alle 9 resultaten

Oanbieding
Original price was: €19,99.Current price is: €10,00.

Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de Literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart 2020. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is dêrom ek oersetter Baukje Zijlstra ien fan de haadgasten. Direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden en literatuerleafhawwer Geart de Vries giet wiidweidich mei Van der Zijl en Zijlstra yn petear. Ek sille skriuwer en oersetter fragminten út it geskink foarlêze en is der romte foar fragen út it publyk.

De Literêre jûn wurdt hâlden by Dansschool Saco Velt yn Ljouwert.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de literêre jûn.