Boekenweek 2025
De Nationale Boekenweek 2025 hat as tema ‘Je Moerstaal’ en fynt plak fan woansdei 12 oant en mei snein 23 maart. Gerwin van der Werf skriuwt dit jier it Boekenweekgeschenk, mei as titel: De Krater. Krekt as oare jierren ferskynt yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân ek wer in Frysktalige edysje fan dat Boekewikegeskink. Jetske Bilker tekene foar de Fryske oersetting. Yn de Boekewike krijst it boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf it Frysk – fergees by besteging fan € 15,- oan boeken. Fansels ék yn de Afûk-winkel. Op snein 23 maart kinst mei it geskink ek noch fergees nei ien fan de dielnimmende musea.
Toont alle 9 resultatenGesorteerd op nieuwste