Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Bestelling dwaan foar in skoalle?

Yn it ramt fan de Taalplan Frysk 2030 regeling biede wy skoallen de mooglikheid om materialen te bestellen op rekken. Hjirmei is it ienfâldiger wurden om de boeken en oare materialen foar jim skoalle fia de websjop te bestellen en de faktuer letter te beteljen. Hjirfoar kinsto foar jim skoalle in akkount oanfreegje by ús yn de websjop. De mooglikheid om op rekken te beteljen wurdt dan oan dat akkount keppele. Foar it bestellen op rekken hâlde wy in minimale bestelbedrach fan €100,- oan. Lytsere bestellingen kinne ek dien wurde, mar moatte gelyk ôfrekkene wurde yn de websjop.

Hoe wurket dit?
Folje ûndersteand formulier yn en wy stjoere jim op dat e-mailadres in akkount ta om yn te loggen yn de websjop. By it ôfrekkenjen is der dan in ekstra opsje om te kiezen foar betelje op rekken.

Om te ferifiearjen dat it giet om in skoalle freegje wy om it akkount oant te meitsjen mei in e-mailadres dat komt fan in skoalorganisaasje. algemiene e-mailadressen (@gmail, @hotmail, @outlook ensafh.) binne net tastien. Dêrneist freegje wy om it BRIN nûmer fan de skoalle. Nei ferifikaasje ûntfangsto dyn ynlochgegevens foar de websjop op de e-mail.

Freegje in akkount oan

Jou de namme op fan de kontaktpersoan fan de skoalle
Adres fan de skoalle
Postkoade fan de skoalle
Plak fan de skoalle
Dit moat in e-mailadres fan de skoalle wêze
BRIN nûmer fan de skoalle