Kategoryen

No products in the cart.

Ljip en aai yn hert en holle

Pieter Breuker

25,00

Details

Aaisykje as folkssport, fêstlein yn wurden en bylden. Sa bedrige as de ljip langer yn it “frije” fjild is, sa oanwêzich is er (miskien krekt mei dêrom) yn it libben fan de Friezen.

 

Yn it boek Ljip en aai yn hert en holle fan Pieter Breuker steane de ljip, syn aai en it aaisykjen sintraal. De skriuwer hat foar syn ûnderwerp trije ynfalshoeken keazen: it gefoel (hert), de ferwurking dêrfan yn wurden en bylden (holle) en it aaisykjen sels. Mei-inoar binne goed 100 skilderijen, tekeningen, oare yllustraasjes en (fragminten fan) gedichten en ferhalen oer de ljip en it aaisykjen opnommen.

 

Mar al hoe grut oft it plak fan de faak heechwurdige keunstuteringen ek is, it boek jout folle mear. It giet om ljip en aai yn it libben fan de ‘gewoane’ aaisiker. Dy is yn it fjild te finen, dy ferstiet en brûkt it aaisikersjargon, dy is de finer fan it earste aai. Der binne yn dat ferbân haadstikken oer: de ljip yn de Fryske folkskunde; de ljip en syn nammen; de aaisikerstaal; it earste ljipaai: jild, eare en rom; it aaisykjen as sport; grappen en bedroch mei it earste aai.

 

It boek heart by in tentoanstelling mei itselde tema yn it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, dy’t op 19 april iepene wurdt.

Ljip en aai yn hert en holle, Pieter Breuker, Frysk, ynbûn, 160 siden