Nije bloei
Jan Ritskes Kloosterman
€22,50
Details
In kar út it dichtwurk fan Jan Ritskes Kloosterman (1847-1914)
Nije bloei befettet in kar út ’e poëtise neilittenskip fan Jan Ritskes Kloosterman, de Twizeler dichter dy’t yn 1914 ferstoar en hûndert jier letter it lytse earbetoan krijt dat er fertsjinnet. Jan Ritskes nimt yn ’e Fryske literatuer in beskieden plak yn, mar dizze bondel lit sjen dat ek ‘mindere goaden’ soms ferrassende hichten witte te berikken. Spesjaal foar dizze útjefte waard in part fan de gedichten oerset yn it Nederlâns.
Gearstald en bewurke troch Eppie Dam.
Mei pintekeningen fan Lienke Boot.