It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Imitaasjelear

Jetske Bilker

19,95

Details

Anke Stevens is yn in beskerme milieu grutbrocht dêr’t it kristlik leauwe it fûnemint is fan it bestean. Se wol har net deljaan ûnder it gesach fan har âlden en ûnder ynfloed fan har hertsfreondin Margreet skuort se har los út in fermidden fol beheinings. Op har reis nei folwoeksenens lit se in spoar fan mislearre relaasjes nei. Se wit net hoe’t se har bine moat en flechtet fan de iene relaasje yn de oare. Se brekt net allinne mei thús mar letter ek mei har âlde freonen. Se komt úteinlik sels ta de ûntdekking dat se mei Margreet brekke moat.

Jetske Bilker hat foar har debútroman in nijsgjirrige struktuer keazen, mei in ferdieling yn twa parten, wêrby’t it twadde part in soarte fan spegeling foarmet fan it earste. Se krige yn 1990 de Fedde Schurerpriis foar Imitaasjelear. Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1988.

Author : Jetske Bilker ISBN : 9789089541611 Pages : 258 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , .

Relatearre produkten