Kategoryen

De geheime doar

Lida Dykstra

17,50

Details

25 ferhalen om yn te ferdwinen… De geheime doar stiet fol ferrassende en ferwûnderlike ferhalen oer in plysjehûn, minsken út it jier 2275, Jacob dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûke moast, strafwurk yn de sechstjinde iuw … en noch folle mear. Yn in tige meinimmende styl wit Lida Dykstra de lêzer altyd de skiednis óf krekt de takomst yn te lûken, mei ferhalen fol fantasy en humor en hjir en dêr in sparkje magy. De geheime doar is in ferfolch op de suksesfolle ferhalebondel It Spûkskip.

Lida Dykstra wie de earste Fryske Berneboeke-ambassadeur (2020-2022) en sawol har Fryske as har Nederlânske wurk wurdt geregeld bekroand mei in literêre priis. Sa is se bygelyks ûnderskieden mei de Zilveren Griffel, de Thea Beckmanprijs en de Simke Kloostermanpriis en waard se nominearre foar de Woutertje Pieterseprijs en de Boon.

Leeftyd: 10+


Hilda Mous: “Auteur Lida Dykstra stiet eins wol garant foar in kwalitatyf goed boek dat dy as lêzer meinimt yn it aventoer. En dat jildt seker ek by har nije boek ‘De geheime doar’. Dêryn steane ferskate koarte ferhalen dy’t hieltyd wer pakkend binne. Dêrtroch kinst it moai flot trochlêze. En meast by ien ferhaal net ophâlde.” Lês hjir Hilda har folsleine resinsje.

Relatearre produkten

Oanbieding
Oorspronkelijke prijs was: €14,95.Huidige prijs is: €5,00.