Kategoryen

No products in the cart.

De rôf fan de Fryske mummy - Audioboek

Jorrit de Klerk

10,00

Details

De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy’t dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys!
Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna’s fantasy op ‘e rin? Foar’t se it yn de gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy’t de mummy rêde kin.

De rôf fan de Fryske mummy is basearre op it echte geheim fan de mummys fan Wiuwert. In mystearje dat al hûnderten jierren lang noch troch gjinien oplost wurde koe.

Audioboek op 1 mp3-cd, foarlêzen troch Froukje Sijtsma.

Author : Jorrit de Klerk ISBN : 9789460381713 New label : 1 Language : Frysk Publisher : Audiofrysk Format : Audioboek mp3-cd Kategory: , , , , .