It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Smel is it Strân fan 't Hert

Emily Dickinson

22,00

Details

Oardel hûndert fersen fan Emily Dickinson oerset troch Klaas van der Hoek.

Emily Elizabeth Dickinson (1830-1886) wenne har libben lang yn Amherst, Massachuchetts, en luts har hieltyd mear op harsels werom. Nachts skreau se hast 1800 gedichten byinoar, dy’t op tsien nei by har libben nea yn druk ferskynden.

Tiidgenoaten fûnen har gedichten te ûnbeslipe; sy sels fûn publisearjen in útferkeap fan de geast. Tsjintwurdich heart har oeuvre ta de hichtepunten út de wrâldliteratuer.

Oan de basis fan har gedichten lizze natuermystyk, religieuze fertwiveling en rou om in grut, ús ûnbekend ferlies. Guon gedichten bringe derten de himel nei de ierde, oaren iepenje de ôfgrûn fan stjerlikens en dea. Yn kondinsearre, mearlagige taal, kryptysk en luside tagelyk, skôget Dickinson de minsklike eksistinsje troch it prisma fan universum en ivichheid.

Author : Emily Dickinson New label : 1 Pages : 233 Language : Frysk/Ingelsk Publisher : Utjouwerij Konsenylje Format : Luxe paperback Translator : Klaas van der Hoek Kategory: , , .