Tsjintwurdich is alles better
Gabriëlle Terpstra
€15,00
Details
Debútbondel fan Gabriëlle Terpstra, dy’t de lêzer graach meinimt op de poëtyske reis troch har libben. It libben is in syktocht, foaral nei it gefoel fan in thús. Skriuwen jout har de stim dy’t se lang net hân hat. Dizze bondel toant de plakken dêr’t se har troch de jierren hinne thús begûn te fielen, mar lit no en dan ek skaadsiden sjen.
‘Wisberet, persoanlik, oangripend en ynteger, sa skriuwt Gabriëlle Terpstra. Lit dizze frisse wyn mar waaie troch de Fryske literatuer.’ – Martsje de Jong
‘Gabriëlle Terpstra skriuwt dat se earder it Frysk hate, ommers ‘de kutste dingen/waarden tsjin my sein/yn dizze taal’. Spontaan en fernimstich skriuwt se harsels dwers troch alles hinne. De lêzer reizget mei har mei, krekt as hûn Snowy, by de ferskate adressen en figueren lâns dy’t se yn har poëzy en proaza oandocht.’ – Arjan Hut