Simmerboek
Ferskate skriuwers
€9,99
Details
Foar yn de simmerfakânsje, thús of ûnderweis! In boek fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes, spesjaal foar bern fan 2 o/m 6 jier.
Mar gau (foar)lêze, sjonge en dwaan!
It simmerboek is de lêstip fan Keimpe!
—————————-
Irene: “Der steane echt in soad leuke dingen yn om te dwaan. Op de earste side meie bern sels harren namme opskriuwe en harren eigen gesicht tekenje. Handich om spul te foarkommen: alle broerkes en suskes harren eigen boek. Wat folget binne mear as 30 spultsjes, lykas sykplaten, letters werkenne, ferskillen sykje en rymje. En foar wa’t mei de auto fuort sil dizze simmer: der binne ek spultsjes foar op de achterbank by. En foar op de camping (ik tink oan kampfjoer en gitaar) noch in stik of wat ferskes. Sa kinne wy de Frânske bern moai wat Frysk leare.” Sjoch hjir foar de folsleine resinsje fan Irene.
Bettine: “By ús giet it Simmerboek seker mei op reis yn de simmerfakânsje. Earst mei yn de tinte nei Bantegea en dêrnei foar it fermaak yn it fleantûch mei yn ‘e koffer nei Gran Canaria. Ideaal, want in soad rûmte nimt it dochs net yn en efter yn it boek binne ek noch leuke autospultsjes en in autobingo te finen. Foar wa’t de iPad ek meinimt op fakânsje, dy kin altyd noch fierder boartsje mei de leuke apps dy’t oanjûn wurde mei in QR-koade yn it boek.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Bettine.