Jelle en juf
Mirjam van Houten
€15,00
Details
Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op de bank lizzen bliuwt te tillefyzjesjen. Jelle komt te let omdat er ûnderweis nei skoalle rúzje hat mei in babydino. Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei …
Fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes mei prachtige yllustraasjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy’t soms strang, mar ek hiel leaf is. Foar bern fan 4-8 jier.
Mirjam van Houten (1977) wennet op de Himrik en hat in grutte tún mei in prachtige beamhutte. Sy kin net allinne moai skriuwe, mar ek nochris prachtich tekenje.
Har earste boek Tije ferskynde yn 2016 en is oersetten yn it Faëroers. It boek waard fuortendaliks nominearre foar de Simke Kloostermanpriis. Yn 2021 ferskynde it prachtige printeboek By beppe útfanhûs, dêrfoar krych se de Diet Huberpriis 2022.
Amanda Binnema: “We binne faak slop fan it laitsjen as we de ferhaaltsjes lêze. Jelle dy’t juf net heart, omdat syn earen noch op it nachtkastke lizze. In nij famke op skoalle dat net boartsje en prate wol, Jelle stoppet in pear batterijen yn har rêch en se begjint te praten. Of dy kear dat Jelle in ko meinimt nei skoalle, omdat er skjin syn nocht hat fan syn lekkende beker elke kear. Machtich moai betocht en in oanrieder foar elke learkrêft fan groep 1&2 om yn ’e klasse te hawwen. En ek foar elk grappich, tûk en leaf jonkje en famke en harren âlders in moaie oanwinst yn ’e boekekast.” Lês hjir Amanda har folsleine resinsje.