In running gag om te gûlen
Sipke de Schiffart
€15,00
Details
Sipke syn earste gedichtebondel wie Oan dy tinke (leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje). De bondel waard nominearre foar de Piter Jellespriis. Yn dizze twadde spylje leafde en erotyk wer in grutte rol, mar komme ek gâns oare minslike saken oan ‘e oarder, dêr ‘t de dichter sawol mei synisme as kompassy syn ljocht oer skine lit.
De Schiffart publisearre nêst poëzy ek de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen en de roman Sjappy.
De parse oer Oan dy tinke:
‘De Schiffart is likefolle synikus as romantikus.’ Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant
‘Wa’t úthâldt dat it mei de Fryske literatuer neat mear is sûnt it ferstjerren fan Trinus Riemersma, giet foarby oan Sipke de Schiffart.’ Bartele Laverman, Ensafh
‘De geestigste gedichtenbundel die ik sinds jaren tegenkwam. (…) Een moderne Piet Paaltjes (…) Ik las hem in een keer uit. En toen nog eens.’ Asing Walthuis, column in de Leeuwarder Courant