Kategoryen

No products in the cart.

It libben wint

Klaas Jansma

9,90

Details

Fan Justus von Liebig oant Theo Mulder.

De namme Justus von Liebig is foar altyd ferbûn mei de lânbou as ‘útfiner’ fan keunstdong en dêrmei ynspirator fan ‘e meast revolúsjonêre ûntjouwing yn ‘e lânbou sûnt de Midsiuwen. Dat dizze ferneamde wittenskipper ek fûleinige krityk hie op it ‘samar’ brûken fan keunstdong, is lykwols minder bekend. It ûnbedimme struien fan keunstdong seach er as in grut gefaar foar in sûn boaiumlibben en ferantwurde itenswaar. Wat men út ‘e grûn hellet, moat der ek wer yn komme, wie ien fan syn basiseasken. Omt er der sels by belutsen wie, koe er krêftige arguminten oandrage yn it debat oer de boaium, stikstof, it miljeu, it gewaaks en de sûne konsimint.

‘… as der te min mineralen yn ‘e boaium sitte, hat it jaan fan ammoaniumsâlten deselde útwurking as brandewyn op earme minsken om harren wurkkrêft te ferheegjen…’ wie ien fan syn prikkeljende stellingen.

Theo Mulder (Sweagerfean, 1960) fertrout op sinnewaarmte yn kombinaasje mei goed buorkjen, genôch skjin reinwetter, in sûne boaium en foaral positive mikro-organismen. De wrâldreis dy’t er op syn 20e-21e makke, hat fan grute ynfloed op syn ynsichten west. Hy hat him ôfkeard fan keunstdong en bestridingsmiddels.

Dizze útjefte befettet in biografyske skets en oersettings fan publikaasjes fan Von Liebig sûnt syn earste útjefte yn 1840 fan Klaas Jansma, earder foaral bekend fan it Skûtsjesilen. It is opmerklik hoe aktueel guon fan syn útspraken binne. Foar it hjoeddeistige petear oer de lânbou, it gea en it klimaat hat dit boekje in grutte betsjutting. Dat it tanksij de provinsje Fryslân yn it Frysk ferskine kin, is hielendal in feest, foar elkenien dy’t dizze moaie taal lêze en ferstean kin.

Author : Klaas Jansma ISBN : 9789083087726 New label : 1 Pages : 72 Language : Frysk Publisher : Uitgeverij Triage Format : Softcover Kategory: , , , , .