Nuveraardige ferhalen út de gemeente It Hearrenfean
Jangerben Mulder
€4,95
Details
Doe’t yn jannewaris 2016 it earste nûmer fan GrootHeerenveen útkaam foel it Jangerben Mulder op dat der gjin wurd Frysk yn stie. “Dat fûn ik spitich, want yn de measte hûs oan hûs blêden wurdt it Frysk net brûkt. Ik ha doe oan de redaksje fan GrootHeerenveen maild dat ik wol in rubryk opsette woe mei Fryske histoaryske- en folksferhalen dy’t him yn de gemeente It Hearrenfean ôfspile ha. Nei it earste proefferhaal liet de redaksje witte dat it mar trochgean moast. No skriuw ik al 4 jier lang ferhalen yn de GrootHeerenveense krante.’
Nei in tal jierren is it idee ûntstien om een boekje te meitsjen mei de ferhalen fan Jangerben Mulder.
“Dy âlde ferhalen helje it út kranten en tydskriften en wurde troch my neiferteld. De measte wurde oerset fanút it Nederlânsk nei it Frysk.’ aldus Mulder.