Swannesang - gedichten
Atze van Wieren
€17,95
Details
De namme Swannesang lit it foarkomme dat dizze bondel in lêste fertsjinste ynhâldt, en dat is feitelik ek sa. Klaas Bruinsma hat as slútstik yn syn libben gedichten fan syn goefreon Atze van Wieren oerset yn treflik klinkend Frysk, sa’t wy fan him wend binne. Dizze bondel omfettet in blomlêzing út de bondels Grondstof, Bedevaart en Eeuwig leven fan Van Wieren, dy’t wy werom sjogge yn it Frysk as Grûnstof, Pylgerreis en Ivich libben. De subtile waarnimmings en de bytiden gefoelige, bytiden opljeppen emoasjes fan de dichter binne troch de ‘Master fan de Talen’ uterst sekuer en mei suver gefoel foar nuânse lyrysk en unyk werjûn yn syn memmetaal.
Neist de gedichten hâldt de bondel in biografyske skets fan syn libben yn, skreaun as it relaas fan it ûntstean en it ferrin fan de freonskip mei Van Wieren, útrinnend yn in ynkringend ferslach fan Bruinsma syn lêste dagen. Fierder binne der oantinkens oan him fan Utjouwerij Elikser en in weromsjen fan syn âldste soan Winfried.
IIsbaan
Ik riid op it swarte iis fan myn jeugd,
myn fingers binn’ stiif, myn fiters te lang.
Ik hâld my fêst oan in stoel dy’t net wol
en ûnder myn fuotten gean de redens har gong.