Under Hildegards tsjoen
Piter Boersma
€15,00
Details
Hildegard van Bingen (1098-1179) wie in Dútske non en yn har tiid in grutheid. Se stifte twa kleasters, skreau fizioeneboeken, dêr’t se – yn opdracht fan God en ynjûn troch syn stim, sa’t se stelt – wrâld en kosmos, it roomske leauwe en it hâlden en dragen fan de minsken yn behannele. Se korrespondearre dêrnêst omraak mei geastliken en leken, fan heech oant leech. Yn har boeken en brieven fermoanne se de minsken en spruts se harren tagelyk ek moed yn. Se skreau kosmologyske, plantkundige en medyske ferhannelingen en komponearre geastlike lieten neffens de gregoriaanske tradysje, mar op in eigen manier. Benammen troch har genêskundige en muzikale neilittenskip is se hjoed-de-dei by in grut publyk bekend.
Piter Boersma rekke fan har yn ‘e ban en lei yn in syklus fjouwerrigele gedichten syn byld fan Hildegard fêst.
withoefolle oer har is spekulaasje
feit en fiksje foarme ta in amalgaam
hildegard fan bingen is in kreaasje
ik meitsje fan har in my passende faam
 Verloren oorlogskind
 Verloren oorlogskind Flessewipper Bierke?
 Flessewipper Bierke? Betterskip, Stip!
 Betterskip, Stip! Wapper
 Wapper Kaart: Sa ist en net oars, ... (Friese spreuktegel)
 Kaart: Sa ist en net oars, ... (Friese spreuktegel) Taske Fryske flagge (opteartas)
 Taske Fryske flagge (opteartas) Kaart: De tiid hâldt gjin skoft (Friese spreuktegel)
 Kaart: De tiid hâldt gjin skoft (Friese spreuktegel) Frisismenkaart: herfst / hjerst
 Frisismenkaart: herfst / hjerst De wûndertoeter fan Hindrik Bûter
 De wûndertoeter fan Hindrik Bûter Kaart: in krûpke oer de post
 Kaart: in krûpke oer de post Kai-Mook it skattige oaljefantsje
 Kai-Mook it skattige oaljefantsje
 
                    