Kategoryen

No products in the cart.

De bruorren Liuwehert

Astrid Lindgren

17,50

Details

Dit is it wûndermoaie ferhaal fan de bruorren Karel en Jonatan Liuw. Karel – Krûmel, neamt syn grutte broer him – is deasiik. Hy sil it net oerlibje. Mar it ôfskied is net foar ivich, wit Jonatan. Se sille inoar weromsjen yn Nangijala, it ryk dêr’t alle mearkes weikomme… Mar dan komt de brân. Jonatan is earder yn Nangijala. As Krûmel dêr letter ek komt, blike mearkes net altiten like moai te wêzen. De tiran Tengil bedriget de fredige falleien fan Nangijala. Mei de freeslike Katla soarget er foar dea en ferdjer.

Lês hoe’t de lytse Krûmel Liuw syn bynamme – Liuwehert! – ear oandocht en mei syn moedige broer Jonatan besiket om Nangijala út de greep fan de wrede Tengil te befrijen.

De bruorren Liuwehert is ien fan de wrâldferneamde ferhalen fan Astrid Lindgren, de keninginne fan it berneboek.

Dit boek is foardroegen foar de Ibby Honour List 2022:

https://afuk.frl/twa-fryske-foardrachten-foar-de-ibby-honour-list-2022/

 

Author : Astrid Lindgren ISBN : 9789082197099 New label : 1 Pages : 199 Language : Frysk Translator : Rymke Zijlstra Illustrator : Kim Hunnersen Kategory: , , .

Relatearre produkten