It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht

Lida Dykstra

9,99

Details

Pake Pipermûs docht mei oan de Alvestêdetocht, dat fynt er it moaiste wat der is. Wat er net wit is dat Sipke, syn pakesizzer, stikem yn syn tas krûpt is, want Sipke woe ek sa graach meiride en Fryslân sjen.

Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht ferskynt yn it ramt fan 65 jier Gouden Boekjes.
Leeftiid: 4+

—————

Erika van Steensel: “Wat witte ús bern tsjintwurdich noch fan echte winters? Winterske winters mei reedride, ‘koek-en-zopie’ en de tocht der tochten? Mei in bytsje lok komt de slide dit jier noch fan ‘e fliering. In moai (Alvestêde)bregje nei de wurdskat, want dy wurdt moai útwreide mei dit boekje. Wurden as redens, klune, stimpel, skuor, dweiltrochwiet, sâniis, blier, beferzen, pylken, dweilorkest, krúske en houtsjes krije troch dit ferhaal betsjutting.” Lês hjir de folseine resinsje.

Reina: “Gouden Boekjes hawwe wat spesjaals. Wat ik sa aardich fûn oan dit boekje, is dat ik Jesler en Nine meinimme koe nei de tiid dat ik sels bern wie en de Alvestêdetocht efterhûs delkaam. Ik koe se op dizze manier fertelle hoe moai en bysûnder oft dat wie. Se krigen der suver al sin yn en ik ek, wa wit!” Lês hjir de folseine resinsje.