Brekizers fan de foarútgong
Philippus Breuker
€19,50
Details
Brekizers fan de foarútgong
Nut en nocht op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu
Njoggentjinde-ieuske doarpsselskippen tsjinnen net inkeld it folksfermeits. Dat lit de nijste stúdzje fan Philippus Breuker, nei it maatskiplik effekt fan nut-en-nochtselskippen op it Fryske doarpslibben, sjen. As trefpunten fan de liberale boargerij koene de selskippen har modernisearringsidee ferspriede en de macht fan de tsjerke brekke. Doarpsselskippen wiene brekizers fan foarútgong. Oer de aard en funksje fan doarpsselskippen, en dêrûnder lêsselskipen, yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu is net folle bekend. Doarpskultuer waard wol sjoen as folksskriuwerij, net nijsgjirrich foar ûndersyk, en de ferfrysking fan it doarpslibben is faak taskreaun oan it Selskip 1844, hoewol’t dat amper kriten hie op doarpen. It grutste obstakel foar literatuerwittenskippers en lokale/regionale skiedkundigen lykas Breuker, wie lykwols dat de selskippen libben yn de doarpsmienskip en net nei bûten kamen. Mar in bûtenwenstich tafal lei de hannel en wannel fan in lêsselskip bleat.
De hiele neilittenskip ynbegrepen de bibleteek, dêr’t bûten de famylje gjin minske it bestean fan wist, fan de spilfiguer fan it Boazumer lêsselskip Vriendenkring, Auke Ykema, kaam boppe wetter yn Brussel. De fynst makket it net allinne mooglik om út de lêslisten en foardrachtprogramma’s ôf te lieden wat de leden fan Vriendenkring dwaande hold, hoe’t har maatskiplike opfettingen evoluearren en hoe’t hja har progressive fisys, lykas oer goed ûnderwiis, uteren. Ek jout de útwikseling tusken selskippen ynsjoch yn har kulturele en politike posysje yn it doarpslibben en foar de tsjerke oer. Bliken docht “dat Vriendenkring yndied partij wie yn de groeiende fersuiling”, en wol as frijsinnige pylder. Boppedat, om’t Auke Ykema syn libben lang skreaun hat—mar nea publisearre—en al syn manuskripten bewarre bleaun binne, skoddet de ûntdekking ús begryp op fan de foarming fan de iere Fryske skriuwer.
De blomlêzing omfettet teksten dy’t represintatyf binne foar wat Vriendenkring op syn winterjûnen brocht. Tusken de romantyk fan J.H. Regenbogen, de historisearjende oanpak fan Sjirk van der Burg en de doarpsferhalen oer Boalsert, Snits, Drylts, de hiele Himdyk, Westhim/Blauhûs, Boazum, Skearnegoutum en Britswert, falt Ykema syn autentike styl fan maatskippijkrityk op. Ykema is skerp en humoristysk mar nea riskant radikaal: “lit ús betinke dat men troch skimpen en smelle praatsjes de dingen wol slimmer, mar net better makket, as men de krêft net hat om se te ferhelpen.”
Frysk, paperback, 314 siden, útjouwerij Grotesk