It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

It deiboek

Janny van der Molen

16,50

Details

In twatalich ferhaal oer in Frysk famke fan doe en in ‘Hollânske’ jonge fan no: wat hawwe dy mei-inoar te krijen? Wat is der oan ‘e hân mei in skilderij en hokker rol spilet it deiboek fan Jehannes de Groot? In (foar in part wier bard) ferhaal oer striid, moed én echt freonskip.

Geartsje hat skjin har nocht fan de djippe earmoede, de honger en de kjeld. Se wol in better libben foar har heit en mem, foar harsels en foar alle oare minsken yn ús lân. Dêr wol se foar stride, ek al is har mem dêr poer op tsjin. En stride docht se, mar dat bringt har swier yn ‘e problemen…

Niels uit Tilburg komt met zijn familie in het Friese Boazert terecht als zijn moeder burgemeester wordt van Boazeradiel. Echt blij wordt hij daar niet van. Het is saai en leeg in Boazert. Niels mist de stad en zijn vrienden. En had hij maar een ‘gewone’ moeder, eentje die minder opvalt.

10+

Besjoch hjir in filmke fan Janny van der Molen wêryn se wat fertelt oer har boek ‘It deiboek’.


Habtamu de Hoop: ‘Moai, sa’n boek oer in ynspirearjend Frysk famke. As minsken net te skiterich binne en in oar helpe, komme we in hiel ein’
Foppe de Haan: ‘In moaie miks fan feiten en fiksje. It libben fan doe, ferbûn mei dat fan no, mei deselde ynstek: opkomme foar dysels, mar ek foar oaren. Net allinne: ikke en de oare kin stikke!’

Reina: “It deiboek’ is in boek oer freonskip, nea opjaan, dyn stim heare litte en inoar helpe. Troch it hinne en wer gean yn ’e tiid en it moai klopjende ferhaal mei spanning deryn is it in prachtich boek om sels te lêzen of foar te lêzen.” Lês hjir de hiele resinsje fan Reina oer ‘It deiboek’.

Tante Tjits: “It ferhaal fan Niels is in ferhaal fan no. Niels siket in eigen plak tusken alle saken dy’t oandacht freegje yn it libben fan bern fan hjoed. Om dy hinne sjen nei wat oaren dogge en fine én kieze watsto echt belangryk fynst. Neat frjemds oan en dus werkenber foar alle lêzers.” Lês de hiele resinsje hjir op Tante Tjits har blog.

Author : Janny van der Molen ISBN : 9789493159068 Language : Frysk, Nederlands Pages : 191 Publisher : Afûk Format : paperback Kategory: , , , .