Kategoryen

No products in the cart.

Fete

Skelte Siwerus Braaksma

19,50

Details



Stripboek
It nea earder fertelde ferhaal

It is it jier 1400 en it Fryske lân is fertize rekke yn in unike en hast anargistyske situaasje, wêryn’t elk foar syn rjochten opkomme moat. De feodale struktuer dy’t oeral yn Europa yn de midsiuwen oantroffen wurdt, ûntbrekt yn Fryslân folslein.It lân bestiet út in protte lytse gebieten, mei haadlingen oan it roer. Konflikten wurde faak útfochten troch in fete te fieren.

Dy situaasje wurdt de Fryske frijheid neamd. Dy frijheid wurdt lykwols fan alle kanten bedrige. Net allinne wolle bûtenlânske hearen harren macht nei de Fryske lannen útwreidzje, ek fan binnenút is der stoarm op komst. Meikoarten sil ien fete ôfgryslik út ʼe hân rinne. En it komt op in hantsjefol persoanen del om de fierdere skiednis foarm te jaan.

Untdek hoe’t dy minsken hannelen, yn dy komplekse en kritike perioade út de Fryske skiednis, yn it earste ferhaal oer de fergetten Grutte Fryske Oarloch tusken de Skieringers en de Fetkeapers.


Oer de auteur en yllustrator:

Nei syn oplieding Art&Design is Skelte Braaksma (22) yn maart 2017 útein setten as selsstannich grafysk foarmjouwer, yllustrator en striptekener.
Skelte makket benammen stripferhalen, yllustraasjes, portretten en infographics. Hy hat fiif stripboeken op syn namme stean. Yn 2017 wûn hy mei de strip “Het Front” (ynspirearre op 1984 fan George Orwell) de earste priis fan it Kamper Stripspektakel.

Tekst en yllustraasjes:  Skelte Siwerus Braaksma
Foarmjouwing en byldbewurking: Jan Tiemersma
Histoaryske korreksje: Oebele Vries

 


Aukje-Tjitske: “Der wurde in soad koppen ôfslein yn it boek Fete fan Skelte Siweris Braaksma. Lokkich is it stripboek net folslein yn kleur, oars soe der in protte read fan ’e bledsiden ôfspatte. Fete fertelt nammentlik it ferhaal fan ’e Grutte Fryske Oarloch yn ’e lette midsiuwen.” Lês hjir Aukje-Tjitske har hiele resinsje >>>

ISBN: 978 94 92176 99 8 Auteur: Skelte Siwerus Braaksma Yllustrator Skelte Siwerus Braaksma Tal siden: 92 Taal: Frysk Utjouwer: Afûk Utfiering: gebonden Kategory: , , , , .