It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

De Tsjûgen fan de Macht

Aggie van der Meer

16,50

Details

‘Ik wit wol dat ik âld bin, mar dêr stean ik net by stil’, sei Aggie van der Meer tsjin de lokale omrop neidat se de Gysbert Japickspriis 2019 wûn foar har hiele oeuvre. It skriuwen giet troch, nettsjinsteande in heal lamme skonk, of in each dat op swart sprongen is.

De Tsjûgen fan de Macht is in boek dat sy perfoarst noch skriuwe woe. In famke is taskôger as de besetter de klokken út de Martinitsjerke hellet. In jier letter is de besetter ferslein, mar de frijheid hat de minsken net feroare. Tusken beide tsjûgenissen yn groeide in puzelfertelling oer macht en oer minsken. Wêr’t de puzel ophâldt, is noch altyd net krekt te sizzen.

Boadskippen út dreamen, achterútfleanende krieën, burokratysk absurdisme, it mysterieuze, mar o sa ynfloedrike Hegerhân… in mozayk sa’t allinne Aggie van der Meer dat optekenje kin.


Jinke: “It boek bestiet út in soad koarte ferhalen, guon oer de oarloch, mar ek guon oer it libben nei de oarloch. Yn de ferhalen stiet sintraal dat ek nei de oarloch net elk yn frijheid libbet en der noch altyd machtsmisbrûk is. De ferhalen binne soms lestich te lêzen, trochdat der in soad ferskillende nammen yn foarkomme en je elke kear wer yn in nij ferhaal komme moatte.” Lês de hiele resinsje fan Jinke hjir op heitenmem.nl.

Author : Aggie van der Meer ISBN : 9789493159167 New label : 1 Pages : 138 Language : Frysk Publisher : Afûk Kategory: , .