Kategoryen

No products in the cart.

De fertelbeam

Britta Teckentrup

12,99

Details



Foks hat in lang en lokkich libben hân, mar no is er wurch. Hy sjocht noch ien kear nei syn dierbere bosk en docht syn eagen ticht. Foks falt yn ‘e sliep. Foar altyd.
De oare bisten yn ‘e bosk misse harren freon en komme byinoar om de moaie oantinkens oan foks meiïnoar te dielen. Samar ynienen groeit der op it plak dêr’t foks begroeven leit in lyts plantsje. By elk oantinken wurdt it plantsje grutter en moaier, oant der in grutte beam midden yn ‘e bosk stiet. In beam fol mei oantinkens.

Dit werklik prachtige boek is no ek yn it Frysk ferskynd. Dit fjouwerkante printeboek mei in leaf en treastend ferhaal en prachtige yllustraasjes giet oer oantinkens dy’t efterbliuwe as der ien dy’t wy leaf hawwe dea giet. It is in sfearfol posityf ferhaal dat oanslút by de belibbingswrâld fan bern. In moai boek om te lêzen mei dyn bern en om der tegearre oer nei te praten.

————————–

Wieke: “Yn it boek wurdt troch de eagen fan bisten beskreaun hoe fertrietlik in ferstjerren is en dat it hiel wichtich is om mei elkoar te praten: ferhalen en oantinkens oer in persoan meielkoar besprekke.” Lês Wieke har hiele boekresinsje op heitenmem.nl.

Wytske: “Fol ferwûndering ha ik dit prachtige ferhaal lêzen. Britta Teckentrup hat alles sa moai en werkenber delsetten, in steun foar elkenien dy’t in freon, famyljelid of húsdier misse moat.” Lês Wytske har hiele boekresinsje op heitenmem.nl.

 

Auteur:: Britta Teckentrup Taal:: Frysk Tal siden:: 28 Utjouwer:: Afûk Utfiering:: ynbûn Kategory: , , .

Relatearre produkten

Skelte wol in skelter
Yn winkelwein
13,50
Lytse hekskes
Yn winkelwein
13,90