It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Wyt ljocht - gedichten

Baukje Wytsma

17,50

Details

Wyt ljocht, in suver en ynderlik ljocht. Wyt op syn helderst, dêr wêr’t alles begjint en einich is. Dêrtusken is libben, is tiid. Yn dizze romte belibbet elk minske syn eigen aventoer, ommers yn it wite ljocht rinne alle kleuren fan it libben gear. Soms falt alles teplak, alles wat is, alles wat wie, in eagenblik alteast kriget alles in djippere betsjutting.

Baukje Wytsma (Reduzum, 1946) is al 45 jier aktyf yn de Fryske literatuur, benammen as berneboekeskriuwster en as dichteres. Yn 2007 krige Baukje Wytsma de Fryske Anjer en yn 2018, fanwegen har grutte fertsjinste foar de Fryske taal, in keninklike ûnderskieding.

 


Berber Braaksma: “Al mei al in hiele moaie dichtbondel dy’t my rekke hat. Der stean prachtige fergelikingen yn oer de natuer en de jiertiden. Werkenbere bylden, sketst yn wurden, ynfolle troch je eigen neitinken. De rym dy’t der sa no en dan yn foarkomt, sprekt my ek tige oan.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Berber.

Author : Baukje Wytsma ISBN : 9789493159631 New label : 1 Pages : 47 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : Softcover Kategory: , , , .