Wyn fan de winners
Hilda Talsma
€22,50
Details
Wyn fan de winners is it tredde en lêste diel fan de Wyntrilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn ’e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no’t se mem is, en mei de Onnie’s yn it fermidden witte je noait hoe’t de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op ’e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen.
Hilda Talsma is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen dien. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal.
Mei Wyn fan de winners hat Hilda Talsma wer in skûtsjeroman skreaun dy’t in breed publyk oansprekke sil. Flot, fermaaklik en meinimmend. Har eardere skûtsjeromans, Wyn fan feroaring  en Wyn fan de wierheid  wiene beide Boek fan de Moanne yn de simmer. Earder skreau sy trije romans oer it doarp Frisum: De twadde hûd, Flammen, It geloksbern (bondele yn Frisum Trilogy). Dêrnei folge Brekber, oer Sinne, in jonge frou dy’t hiel goed mei hynders omgean kin. Yn 2017 publisearre se har earste jeugdroman Slangen ûnder it bêd.
 Atlas van historische verdedigingswerken in Nederland. Groningen, Friesland, Drenthe.
 Atlas van historische verdedigingswerken in Nederland. Groningen, Friesland, Drenthe. Wyn fan de wierheid
 Wyn fan de wierheid Joazefine yn ´e rein
 Joazefine yn ´e rein Frisum Trilogy
 Frisum Trilogy Einum
 Einum It geheim fan de mist
 It geheim fan de mist Hynstefigen
 Hynstefigen Joazefine fiert fakânsje
 Joazefine fiert fakânsje
 
                    