It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Wet fan de eleminten

Durk van der Ploeg

18,95

Details

In dramatysk ferhaal oer Sjierd en Sander, manlju dy’t troch de froulju wolris byinoar oer de flier komme. Sjierd is baas fan in boubedriuw. Sander wurket as learaar. Freonen sille it net wurde. Yn ’e eagen fan Sjierd is Sander in suertsje. Dat wol er him oan ’t ferstân bringe mei it rinnen fan in tocht oer it Waad. Om syn maat in leske te learen, kiest Sjierd foar in ôfwikende rûte.

De froulju, Adel en Dora, farre mei de boat nei it eilân. Se wachtsje de manlju op by it Hege Dún. As de manlju net yn ’t sicht komme, betinkt Adel – dy’t alles leaut wat har man Sjierd seit – hieltyd wer in oar ferlechje. Dora fertrout it net. Wylst by de manlju de spanningen heech oprinne, sjocht Dora gefaren dêr’t se fan ’t begjin ôf bang foar wie. As de kammeraatskes troch twivel en wanhoop slaande deilis reitsje, krije oergeunst en âldsear it foar ’t sizzen. Wylst him op it Waad in drama ôfspilet.

Durk van der Ploeg (Hoogkarspel, 1930) wurke as redacteur. Debutearre as romanskriuwer yn 1968. Skreau romans, ferhalen, gedichten en essay’s. Dêrfoar waard him yn 2011 de Gysbert Japicxpriis takend.

Author : Durk van der Ploeg ISBN : 9789492457431 New label : 1 Pages : 191 Language : Frysk Publisher : Het Nieuwe Kanaal Format : paperback Kategory: , , , .