It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Wat in rommel!

Emily Gravett

14,99

Details

In eksterpear bout in nêst foar harren prachtige aaikes. Al gau miene se dat in gewoan nêst net goed genôch is en se komme mei fan alles en noch wat oansetten, it spul wurdt hoe langer hoe grutter, sels in auto wurdt nei it nêst tôge, oant…

In hearlik printeboek oer wat tefolle rommel docht…

Dit boek is de Lêstip fan Keimpe fan maaie.

——————————–

Marjan Dijkstra: “In moai boek mei rymjende sinnen. Us bern fûnen it hiel leuk om de yllustraasjes te besjen en Sarah besocht de blauwe aaikes fan de eksters hieltyd te finen tusken alle rommel. It is in hiel learsum ferhaal mei in libbensles deryn, want hawwe wy wol safolle spullen nedich om te libjen? Wat is folle wichtiger? It boek jout it goede foarbyld, want al it guod dat út it nêst fallen is, kriget in twadde libben of wurdt kreas opromme. En fansels ein goed al goed, der wurde jonge eksterkes berne.” Lês hjir Marjan har folsleine resinsje.

Rozemarijn Strubbe: “Wat in rommel! is ien fan de moaiste berneboeken dy’t ik yn skoften lêzen haw! It ferhaal is oerset út it Ingelsk, mar sa goed dat it krekt liket oft it in orizjineel Frysk ferhaal is. De rymjende sinnen rinne prachtich. Troch de skitterjende kleurrike yllustraasjes wurdst meinaam yn de absurditeit fan it ferhaal. Us bern fine it sa grappich! Bygelyks dat it iikhoarntsje oan de fyts meifljocht troch de loft. Ik mocht it boek wol trije kear efterinoar foarlêze.” Lês hjir Rozemarijn har folsleine resinsje.

 

Author : Emily Gravett ISBN : 9789493159945 New label : 1 Pages : 36 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Translator : Hermien van der Meer Kategory: , , , , , .