It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Wat in koffer seit

Ilse Weber

12,50

Details

Ik bin in lytse koffer út Frankfurt am Main en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein?

As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Ilse liet as dichter sels in koffer prate, like ûnwennich fan minsken as elkenien yn in roetswarte oarloch. Ilse Weber, dy’t as nachtsuster yn it bernesikehûs yn Theresienstadt altyd in sniewite skelk droech, waard in lytse stjer, sûnder it te witten of op stjerredom út te wêzen. Ljocht of tsjuster: dichters hawwe oeral wurden. Want it swijen hie it alderlêste west.

Ilse Weber wie in Joadske frou fan Dútsk-Tsjechyske ôfkomst. Sy skreau berneboeken, harkspullen en prachtige gedichten. De Dútsktalige gedichten dy’t se yn it geheim skreau yn it modelgetto Theresienstadt, wiene foar in protte finzenen in beaken fan hoop. Yn de ynlieding fan de bondel sketst Inez Timmer yn it koart it libbensferhaal fan dizze bysûndere frou en hoe’t har gedichten op wûnderbaarlike wize de oarloch oerlibben.

De bondel is twatalich, Dútsk en Frysk en is oersetten troch Eppie Dam.
Eppie Dam (1953) is dichter, berneboekeskriuwer en oersetter. Syn wurk hat altyd engazjearre west, sa’t û.m. bliken docht út tal fan liturgyen en kantates en sette ek al earder lieten foar Timmer oer, ûnder oaren it ferneamde ‘Lili Marleen’.

Teaterfoarstelling:
Wat in koffer seit is ta stân kommen nei oanlieding fan it teaterprogram ‘Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber’ fan en troch Inez Timmer en Tseard Nauta. De foarstelling soe oarspronklik op 4 april 2020 yn Ljouwert yn premjêre gien wêze mar is troch de omstannichheden mei it koroanafirus earst in jier útsteld.
De teaterdokumintêre fan Inez Timmer fertelt op ynkringende wize oer it libben fan skriuwster Ilse Weber en de bern yn har libben.
De gedichten dy’t se yn it geheim skreau yn Theresienstadt ha op wûnderbaarlike wize oarloch oerlibbe.
Se foarmje 75 jier letter de basis foar dizze yndrukwekkende, meartalige muzikale teaterfoarstelling mei Inez Timmer en Tseard Nauta.

‘Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber’, in foarstelling om noait mear te ferjitten, tsjin it ferjitten.

Mear ynformaasje en spyldata, sjoch:  www.theaterineziatief.nl


Jinke Stoker: “De fersen binne flot te lêzen en alhiel net dreech. Se binne dêrom geskikt foar elkenien. Ek minsken dy’t net fan gedichten en fersen hâlde, kinne hjir wat fan har gading yn fine. It bliuwt altyd in wichtich ûnderwerp; wat der yn de Twadde Wrâldkriich bard is, meie wy nea ferjitte.” Lês hjir Jinke har hiele resinsje >>

 

 

Author : Ilse Weber ISBN : 9789493159334 New label : 1 Pages : 67 Language : Frysk Publisher : Afûk Translator : Eppie Dam Kategory: , , , , , , , .