It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Ventoux Bert Wagendorp

10,00

Details

Ventoux

Bert Wagendorp

Op 25 juny 1982 ferûngelokket de jonge, talintfolle dichter Peter Seegers op de Mont Ventoux yn it bywêzen fan syn fiif bêste freonen. Tritich jier letter gean sy, fjouwer mannen en in frou, werom nei de Provence. Wat is der tritich jier lyn krekt bard? Kinst weromkomme op eardere keuzes? Wat docht de tiid? Wat ís de tiid? Kin leafde in hechte freonskip brekke? Kin men skuld ha oan it needlot?

Ventoux fan skriuwer/sjoernalist Bert Wagendorp is in magistraal boek oer freonskip en tiid, oer leafde en skuld. Net om ’e nocht is it ien fan de grutste bestsellers fan de ôfrûne jierren, is it ferfilme en bewurke foar toaniel en oerset yn meardere talen – en no ek yn it Frysk.

 

Utjouwerij Regaad
ISBN: 978 90 82197 0 51
 284 siden, paperback