It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Tsien lytse hekskes

Lida Dykstra

13,90

Details

Tsien lytse hekskes seine: ‘Kom, wy sjogge hoe hurd oft mem har biezem kin.’
Doe wiene der noch njoggen.

De lytse hekskes komme stik foar stik yn sokke nuvere sitewaasjes telâne, dat der hieltyd ien minder oerbliuwt. Gelokkich toveret mem heks oan ‘e ein – Simsala bimsala boem! – alle suskes wer nei hûs.

4+

———

Tante Tjits: “It is in bekend gegeven: oan it begjin fan it ferhaal binne der in soad en hieltyd ferdwynt der ien. Krekt salang oant der neat mear oer is of oant by toverslach elkenien wer ferskynt. Yn it boek wurdt nea mei safolle wurden sein hoe ûndogens de hekskes wol binne. Mar al fan de earste strofe en de earste tekening ôf strale se it út. En hieltyd nimme de hekskes harren ferlies en geane toch nei de folgjende streek. Dat it net de earste kear is dat de hekskes op boevepaad geane, fertelt ien enkel wurd oan ’e ein fan it ferhaal. Hokker oare mem soe lulk wêze as se njoggen fan har dochters miste? ‘Tsien lytse hekskes’ is in fleurich, ûndogens printeboek om lekker mei te tellen en mei te laitsjen.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Tante Tjits.Lês hjir de folsleine resinsje fan Tante Tjits.

Author : Lida Dykstra ISBN : 9789056151126 Language : Frysk Pages : 26 Publisher : Bornmeer Format : ynbûn Illustrator : Jung Hee Spetter Kategory: , , , , .