It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Tsien fan Hylkje

Hylkje Goïnga

7,50

Details

Tsien fan Hylkje
Ferhalen fan Hylkje Goïnga

Hylkje Goïnga (1930-2001) is as skriuwster foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. In grut part fan de ferhalen skreau se foar it moanneblêd De Strikel en De Leeuwarder Courant. Blêden as Opzij en Margriet namen ek wurk fan har op.

Yn de wrâld fan de koarte ferhalen is Hylkje Goïnga in opfallende ienling. Se wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der aardichheid oan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De lêzer wurdt geregeld op ‘e ferkearde foet set omdat de ferhalen oan de ein faak in hiel ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. De flot fertelde brike setten fan de útsûnderlike húsfrou Martha ha anno 2016 noch neat oan aktualiteit ferlern.

Yn dizze bondel steane tsien ferhalen dy’t karakteristyk binne foar it wurk fan Hylkje Goïnga: koart om ‘e hoeke, humoristysk en bysûnder.

Lústerje hjir nei it “It Krystbeamke” foarlêzen troch Gerda van der Wijk: https://soundcloud.com/user-618443100/sets/myn-krystbeamke-hylkje-goinga

Frysk, paperback, 79 siden
Gearstald troc h Douwe Kootstra
Foarmjouwing omslach:  Hylkje Kroon
Opmaak: Jan Tiemersma

Relatearre produkten