Tichtby
Jan Schokker
€22,50
Details
Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn hûs wurdt wer opboud nei in ferwoastgjende brân, mar der is mei in steger knoeid, wêrtroch’t dy ynstoart. En letter krijt Ale in foto tastjoerd, fan Nanke, syn freondinne, dy’t leit te sliepen. Kin hiel tichtby komme! stiet op it briefke dat der by sit. Letter krijt er noch ien, fan syn kollega Wytske, ek sliepend, mei itselde drigemint. Ek wurdt syn bankrekken leechhelle, troch Tichtby bv. Wa hat it op him foarsjoen?
Op advys fan de ofsier fan justysje dûke Nanke en Ale in skoftsje ûnder en geane nei Bergen yn Noarwegen. Kinne se tagelyk wat mear útsykje oer de ferdwining fan Lutzen Terberg, de man fan Nanke, dy’t yn Bergen foar ’t lêst sjoen is, jierren ferlyn. Mar is Nanke wol wa’t se seit dat se is? Se docht hiel frjemd. En dan komt Ale pas echt yn gefaar.
Yntusken is Wytske dwaande mei de moard op in 75-jierrige soere resinsint yn in hûs fol boeken. En dat hat ek wer mei har Bontebokker kollega te krijen.
In spannend en ferrassend Alema-mystearje.