It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Tess fan de D'urbervilles

Thomas Hardy

31,50

Details

Tess is bij it begjin fan it ferhaal in ienfâldich kreas famke fan 16 jier út in ienfâldich plattelânsfermidden yn it suden fan Ingelân. Har libben nimt in hiel oare kear as de dûmny har heit John Durbeyfield ynienen Sir John neamt. Hy fertelt him dat er út it laach fan de âlde ridderfamylje fan de d’Urbervilles komt. Har heit en mem krije dêrtroch in hiel oar perspektyf op har libben en harren prachtige dochter Tess wurdt ynset om de kontakten mei de rike famylje wer oan te heljen. It wurdt lykwols har ûndergong.

Tess wurdt fergriemd tusken de twa utersten fan de Viktoriaanske (manljus)moraal, dy’t oan de iene kant de frou as (lust)objekt beskôget en oan de oare kant as wat ûnmooglik suvers en ferhevens. Se is fansels gjinien fan beide, mar wurdt – mei oare wurden – wól beoardiele neffens wa’t se yn de eagen fan de manlike taskôger is en net neffens wat se werklik sels is en wêze wol.

Har houlik mei Angel (dy’t net om ‘e nocht sa hjit) rint de earste jûn al op ‘e non as se, nei syn bekentenis fan seksueel kontakt mei in oar foár har, ek har eigen ferhaal opbychtet: wat de man Angel as fanselssprekkend ferjûn wurdt, ferjout er har nét, omdat se foar him fan har fuotstik fallen is as suver en ferheven ideaal. Tess of the d’Urbervilles: A Pure Woman Faithfully Presented fan de ferneamde Ingelske skriuwer Thomas Hardy (1840-1928) ferskynde foar it earst yn boekfoarm yn 1891, neidat it swier ‘fatsoenearre’ yn ôfleveringen ferskynd wie yn it tydskrift The Graphic. It boek is ferskillende kearen suksesfol ferfilme en hat ferline jier noch op de BBC te sjen west.

Author : Thomas Hardy ISBN : 9789089542267 Pages : 443 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , .