Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Smoarge Piter

Heinrich Hoffmann

12,90

Details

Smoarge Piter is de Fryske oersetting fan it bekendste Dútske berneboek Struwwelpeter fan Heinrich Hoffmann troch Jacobus Quiryn Smink mei fleurige ferhalen en grappige printen. Gjin oar berneboek op ‘e wrâld is langer sûnder ûnderbrekking útjûn wurden, en is yn mear as 80 oersettingen wrâldwiid ferspraat.

De ferhalen fan it Struwwelpetersboek ûntstiene yn de jierren 1844-1847 yn Frankfurt am Main en wiene it gelegenheidswurk fan de húsarts dr. Heinrich Hoffmann (1809-1894). As krystkado foar syn lytse soan Carl Philipp koe er gjin geskikt berneboek fine en besleat dêrom sels ien te skriuwen. Ek de berime printen binne fan syn hân.

Sûnder mis hie Hoffmann it Frysk net ferstien, mar it is oan te nimmen, dat er mei dizze oersetting like bliid west hie as mei de oersettings yn oare talen. En wis hie er Smoarge Piter as in nije sprút yn de ynternasjonale Struwwelpeterfamylje wolkom hiten en de oersetter Jacobus Q. Smink, dy ‘t Struwwelpeter en syn kammeraten mei in soad kompetinsje en rykdom oan ideeën in nije Fryske identiteit jûn hat, mei syn slagge wurk lokwinske.

Skriuwer: Heinrich Hoffmann Isbn: 978907516112 Tal siden: 32 Taal: Frysk Útjouwer: Hispel Utfiering: ynbûn Translator: Jacobus Q. Smink Kategory , , .