Skuldich
Caja Cazemier
€9,95
Details
Dipika wennet op it plattelân fan Tamil Nadu, Súd-Yndia, yn in lyts, nochal achterôf lizzend doarp mei har mem, beppe, broers en suske. Har namme betsjut ljocht, mar har libben is sa tsjuster as de nacht. Al fan har fyftjinde ôf wurket se yn de kleanyndustry. No fertsjinnet se har jild yn in fabryk dêr’t klean naaid wurde foar de eksport nei Europa. It binne lange dagen en oerwurk wurdt net altyd útbetelle. Mar it slimste is miskien wol dat de kontinu skellende opsichters de hannen net thúshâlde kinne.
Wa komt foar har op? Dan leart se Kumar kennen en as der op in dei wat slims gebeurt, flechtet se se nei him ta. Kumar syn us en dy har freondinnen wurde razend as se Dipika har ferhaal hearre. Elkenien dy’t klean keapet, moat witte fan de minne arbeidsomstannichheden!
Mei help fan Kumar ûndernimme se aksje. Sa feroaret Dipika fan in tekstylarbeidster yn in hackster. Kin se de westerske wrâld wekker skodzje? En hoe fier kinne se gean?
Dit boek is skreaun foar it LêsNo-projekt, in lêsbefoarderingsprojekt foar learlingen yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.