Skitterje en skûlje - Biografy Jacobus Quiryn Smink (ferskynt 1 febrewaris 2025)
Marian Hulshof
€27,50
Details
Jimladream, it libben fan in bipolêre dichter
De dichter Jacobus Q. Smink (1954-2024) wie in markant persoan. Nei syn jeugd yn Sondel (Gaasterlân) en syn studintetiid yn Grins wenne er it grutste part fan syn libben yn Eindhoven, dêr’t er wurke as learaar Nederlânsk. Yn 2022 kaam er werom nei Sondel, dêr’t er de lêste twa jier fan syn libben trochbrocht.
Hy wie ûnwjersteanber sjarmant, mar faak ek ûnbrûksum. Syn bipolêre steurnis brocht ferslavings oan alkohol, nikotine en kannabis mei, wêrtroch’t allerhanne problemen ûntstienen. Dêr skreau er iepenhertige gedichten oer. Ek al wenne er yn Eindhoven, hy bleau dichtsjen yn syn memmetaal, it Frysk.
Jacobus Q. Smink en Marian Hulshof kenne mekoar fan harren stúdzjetiid yn Grins. Tsientallen jierren nei harren moeting frege er har in blomlêzing út syn gedichten te meitsjen en ynterviewde sy him oer syn literêre boarnen, oer froulju en ferslavings.
It resultaat is in biografy oer Jacobus Q. Smink, waans libben oanskôchlik makke wurdt mei in romme seleksje fan syn gedichten. Syn gedichten binne ûnbedimme en humoristysk. It is dan ek net om ’e nocht dat er yn 2013 de Gysbert Japicxpriis krige, de wichtichste literêre priis fan Fryslân.