It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Skiednis fan de Fryske Biweging

Sjoerd van der Schaaf

24,50

Details

Skiednis fan de Fryske biweging is it earste folsleine boek oer de ‘Fryske beweging’. Under dat begryp falle alle organisaasjes en minsken dy’t har ynsetten hawwe om it Frysk mear earmslach te jaan. Van der Schaaf krige yn 1972 fan de Fryske Akademy de opdracht om it boek te skriuwen; hy wie doe krekt mei pinsjoen. Syn doel wie nei te gean wat de gefolgen en fertuten west hiene fan it ‘yn it begjin fan de njoggentjinde ieu op gong kommen en stadich krêftiger wurdend stribjen om it âld kultuerbesit fan Fryslân wer ta libben te bringen’.

Oardel iuw skiednis wurde troch him libben en detaillearre beskreaun. Oan de jierren 1940-1945 binne twa haadstikken wijd. It boek ferskynde yn 1977 krekt even earder as it proefskrift fan Gjalt Zondergeld, De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen. Van der Schaaf idintifisearre him mei de Fryske beweging, Zondergeld kritisearre. Yn 1978 krige Van der Schaaf de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert foar dit boek.

Dizze útjefte is de werútjefte fan de earste printing út 1977. It boek is net omstavere.

Van der Schaaf lit sjen hoe’t de dream fan de romantyk en âldheidkunde en taalkundige niget fan in genoatskipsrûnte útgroeide ta in taalstriid en in emansipaasjebeweging.’ –  Ut it sjueryrapport fan de Piter Jellespriis.

Author : Sjoerd van der Schaaf ISBN : 9789089542038 Pages : 432 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : Softcover Kategory: , , .