It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Sealterfrysk foar begjinners - kursusboek

Wolter Jetten

29,95

Details

Frysk is in Noardseegermaanske taal en dêrmei û.o. besibbe oan it Ingelsk. Wannear’t wy oer it Frysk prate, moatte wy ûnderskie meitsje tusken trije Fryske talen: It Westerlauwersk Frysk yn ús provinsje Fryslân, it Noardfrysk dat súdlik fan de Deensk-Dútske grins praat wurdt yn it ‘Kreis Nordfriesland’ en op it eilân Helgolân, en it Eastfrysk dat allinnich yn it Sealterlân bewarre bleaun is. It Sealterlân hat sa’n 13.000 ynwenners, ferdield oer fjouwer doarpen en noch mear buorskippen. It Sealterfrysk hat trije dialekten (Utände, Roomelse en Skäddel) dy’t amper fan elkoar ferskille. De basis foar dizze kursus is it dialekt fan Roomelse.

De kursus Sealterfrysk foar begjinneners – Seeltersk hat de opbou en foarm gruttendiels liend fan de Noardfryske taalkursussen Mooringer Frasch en Fering. De kursus is yn it foarste plak foar folwoeksenen ornearre. It materiaal bestiet foar in grut diel út dialogen wêrtroch’t de fokus leit op de libbene taal. De audiofragminten geane fia it online learplatfoarm eduFrysk.

Author : Wolter Jetten ISBN : 9789493159556 New label : 1 Pages : 266 Language : Frysk-Sealterfrysk Publisher : Afûk Format : Softcover Illustrator : Ada Bieber en Björn Ketelsen Kategory: , , .

Relatearre produkten