Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Sake ûntdekt in wûndereilân

Tjits van der Wal

14,95

Details

‘Ferfele is sá ferfelend,’ flústeret Sake foar him út.
Hy skopt yn ’e skulpen om. Hy sleept der kear op kear mei syn hakke trochhinne wêrtroch in hiel spoar ûntstiet.

‘Wat as…’ seit Sake.
‘Wat as wat?’ freget mem.
‘Wat as ik mem har flochkamera brûke mei?
Dan geane RJ en ik op aventoer, en wy meitsje ús eigen ferhaal’.
‘Sa mei ik it hearre!’ seit mem.

Se jout Sake de kamera, want mei in bytsje fantasy kin alles.
It aventoer kin begjinne…

Sake ûntdekt in wûndereilân is it debút fan kreative tûzenpoat Tjits van der Wal, bekend fan Tjitsfloch dat sûnt 2020 útstjoerd wurdt troch Omrop Fryslân.


Grietje: “It boek lit sjen dat as je je ferfele, je mei je eigen fantasy noch hiele moaie dingen belibje kinne. Je kinne fan in “boat-sânbak” in echte boat meitsje en lekker fantasearje sadat je sels in moai ferhaal of aventoer belibje. De freonen en Yldou meitsje in moaie seereis dêr’t sy in protte op belibje en tsjinkomme, sa as in meunster en in wûndereilân.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Grietje.

Skriuwer: Tjits van der Wal Isbn: 9789493318557 Nij: 1 Tal siden: 55 Taal: Frysk Útjouwer: Afûk Utfiering: ynbûn Illustrator: Skelte Siweris Braaksma Kategory , , , , , , .