Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Oanbieding!
Oanbieding

Rimen & Teltsjes - Bruorren Halbertsma

Bruorren Halbertsma

Oorspronkelijke prijs was: €24,50.Huidige prijs is: €9,90.

Details

Meinimmend, spotsk en o sa gefoelich: de bruorren Halbertsma skreaunen sa’t se sels wienen. Harren sammele wurk, Rimen en telsjes (1871), is noch sa libben as in hert. Dit folksboek, al mear as in iuw âld, grôtfol ferhalen en gedichten, bringt klassikers as ‘Jonker Pyt en Sibbel’, ‘It marke’, ‘Deagravers sankje’, ‘De Jonkerboer’ en ‘De reis nei de jichtmakkers’.

Rimen en teltsjes is yn Europa ien fan de hichtepunten fan de Romantyk. Parten binne oerset yn it Dútsk en it Nederlânsk. Alle generaasjes ûntdekke dit boek op ‘e nij. Hast like ferneamd binne de printen fan Ids Wiersma, dy’t yn dizze werútjefte ek wer opnommen binne.

Trije bruorren Halbertsma wurken mei oan de Rimen en teltsjes. De bekendste is Joast Halbertsma (Grou 1789 – Dimter 1869), mennistedûmny en taal- en letterkundige. Syn jongere broer Eeltsje (Grou 1797 – 1858) studearre medisinen yn Leien en Heidelberch en kaam dêr yn ‘e betsjoening fan ‘e Romantyk. Foar Tsjalling (Gr0u 1792 – 1852) wie de skriuwerij minder belangryk: hy gie yn saken en waard as bûterkeapman in begoedich man.

Skriuwer: Bruorren Halbertsma Isbn: 9789033008634 Tal siden: 622 Taal: Frysk Útjouwer: Friese Pers Boekerij Utfiering: ynbûn Kategory , , , , , , , .

Relatearre produkten