It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Rein Halbersma Eachwiid, in oersjoch fan it wurk

Jack de Boer

19,50

Details

Rein Halbersma (1949) hat yn 40 jier keunstnerskip in oeuvre opboud dat foaral bestiet út oaljeferfskilderijen, akwarellen en wosken inket- en kryttekeningen. Syn wurk is figuratyf en in wjerslach fan fassinaasjes dy’t er syn libben lang trou bleaun is. It is sterk ferbûn mei Noardeast-Fryslân – sawol hoe’t dizze wrâld wie, as hoe’t dy no is. Halbersma is as autodidakt útein set, mar hat him altyd yngeand ferdjippe yn skilderkeunstige tradysjes en hjoeddeistige ûntwikkelingen. Syn stribjen wie in hânskrift te finen dêr’t er syn gefoel – leafde – foar syn ûnderwerpen mei útdrukke koe. Elk wurk is in spegel fan syn siel.

Jack de Boer (1966) wennet en wurket yn Frjentsjer. In diel fan syn tiid stiet er foar de klasse yn it spesjaal basisûnderwiis, it oare diel is er skriuwer. Beide profesjes bringt er ta in synteze yn syn boek De gelukkigste klas (Van Oorschot, 2020). Rein Halbersma is syn omke, freon en liedsman yn de keunst.

Author : Jack de Boer ISBN : 9789492052681 New label : 1 Pages : 80 Language : Frysk Publisher : Wijdemeer Format : ynbûn Kategory: , , , .