Kategoryen

No products in the cart.

Nij

pake en beppe magazine /tydskrift 2021

0,00

Details



Ynstee fan in ‘heit&mem’ is der no in ‘pake&beppe’ makke! Yn it blêd spesjaal foar pakes en beppes, mar fansels ek foar heiten en memmen, lêst û.o. oer it belang fan it trochjaan fan de Fryske taal troch de pakes en beppes, oer bern dy’t deselde hobby’s hawwe as harren pake of beppe, moaie foarlêsferhalen, de rol fan de pake en beppe yn dizze tiid, oer in libbenslange freonskip én der stiet in apart diel yn mei fragen foar pake en beppe dy’t se ynfolje kinne. Lykas fragen oer hoe’t it eartiids op skoalle wie, mei watfoar boartersguod pake of beppe boarte en wat se eartiids iten. Koartom stof genôch om mei de bern en bernsbern oer te praten.

It blêd wurdt yn in oplaach fan 10.000 stiks op in beheind oantal adressen rûnbrocht.

Wolsto it blêd graach lêze?

Elk kin maks. twa eksimplaren thús besoarge litte, it blêd is hjir online te bestellen en dan betellest allinne de ferstjoerskosten. Ek kinst in eksimplaar ophelje by de Afûk wei. Bûten foar de winkel stiet in rekje wêr ast it blêd fergees weipakke meist. At de biblioteken wer iepen gean kinst ek dêr in eksimplaar weihelje.

De pake&beppe is hjir online yn te sjen.

Relatearre produkten

kaart hoi pake en beppe
Yn winkelwein
1,00
sleutelhanger pake
Yn winkelwein
2,95
Jip en Janneke yn it Frysk
Yn winkelwein
26,99
slab friese tekst
Selektearje opsjes
6,95