Om - Roman
Geart Tigchelaar
Oorspronkelijke prijs was: €19,50.€5,00Huidige prijs is: €5,00.
Details
Geart Tigchelaar en syn fyts. Stadichoan is dat in bekend span wurden. Yn dit boek hat er inkelde ûnderfinings dy’t er ûnderweis opdien hat, ferwurke ta in – sa’t er it sels neamt – psychologyske fytsroman. Stap by haadpersoan Ate efterop en fyts mei troch Dútslân, Denemarken en Sweden. Ate is nammentlik fan doel en fyts nei de Noardkaap, om sa ôf te weven mei syn ferline.
Geart Tigchelaar (1987) is skriuwer, dichter en oersetter. Foar syn poëzydebút leech hert yn nij jek (Hispel 2016) wûn er de D.A. Tammingapriis, en foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek (2015) de Obe Postmapriis. Syn foarige roman Bêste Jonge (Afûk 2016) waard nominearre foar de Rink van der Veldepriis.
Pytrik: “It moaie fan it boek is dat je sawol de aventoeren as syn gedachten lêze. Dêrtroch krije je echt it idee as leare je Ate goed kennen, je gean him begripen yn ’e rin fan it boek. It wurdt dan ek terjochte in psychologyske fytsroman neamd.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Pytrik.