Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Nij

Oerbleaune Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma

Philippus Breuker (Red.)

22,90

Details

De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn.

Undersyk fan Philippus Breuker nei harren teksten levere sa’n sechstich ûnbekende stikken op. It giet benammen om teksten fan Eeltsje en Tsjalling, dy’t skreaun binne tusken 1812 en 1857. Yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes komme dy nije stikken oan it ljocht, foarsjoen fan ynliedende skôgingen en taljochtingen oan de hân fan brieven fan en oan de bruorren Halbertsma en har bern. Sa is mei dizze útjefte dan einlik it literêre wurk fan de grûnlizzers fan de Frysktalige literatuer kompleet beskikber.

Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân Eelko Alta (1723-1798), De keunst as útwei en Fryslân yn de Gouden Iuw.

Skriuwer: Philippus Breuker (Red.) Isbn: 9789464713787 Nij: 1 Tal siden: 216 Taal: Frysk Útjouwer: Bornmeer Utfiering: paperback Kategory , , , .