Mysterieuze Krêften - Diel 4 fan 'In Fryske Odyssee'
Willem Tjerkstra
€18,95
Details
Mysterieuze Krêften is it fjirde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.
Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes en It Godsmystearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei begjin 1969.
Yn it fjirde boek rint de libbensskiednis fan Bouke troch oant begjin 1979, doe’t in sniestoarm oer Fryslân raasde. Hoewol’t waar en klimaat hjoed de dei wittenskiplik tsjutten wurde, kaam de stoarm yn kombinaasje mei strange froast oer as in mysterieuske krêft. Dat kin men ek sizze fan de atoombom op Hiroshima (diel 74) en Nagasaki, de tsunami yn Súdeast-Azië yn 2003 (diel 75), de evolúsje (diel 81), krêften yn de djipte fan de minsklike geast (diel 83) en de fûle bui dy’t keizer Haile Selassie fan Etiopië meibrocht nei Jamaica, nei’t dit eilân in lange perioade fan drûchte trochmakke hie (diel 86).