Molly, Aukje & Jelmer
Catherine Rayner
€14,99
Details
Molly de hazze is gek op ferstopperke dwaan… mar Aukje de ûle en Jelmer de foks ha harren in bytsje te goed ferstoppe! Wêr kinne se toch wêze?
3-6 jier
Besjoch hjir in filmke fan dit boek.
Irene Klompmaker: “In ideaal boek om foar it sliepen gean foar te lêzen. Net te lestich, de yllustraasjes binne rêstjaand en ‘Ein goed, al goed’ wurket fansels ek goed foar it sliepen gean. En as ik de sliepkeamersdoar achter my tichtlûk, mei it ljocht noch hiel even oanbliuwe. Om dy moaie platen noch ien kear te besjen.” Lês hjir Irene har folsleine resinsje.
Marrit Jongbloed: “Doe’t ik it boek ‘Molly, Aukje & Jelmer’ seach, foel my daliks de leave foarkant fan it boek op, mei in prachtige print fan de trije bistefreonen: Molly de hazze, Aukje de ûle en Jelmer de foks, dêr’t it boek oer giet. Dêrneist binne de blomkes en de namme fan de skriuwster mei rôze foly drukt, wêrtroch’t it boek ekstra opfalt en yn ’e smaak falt. Ik fyn it dan ek in geskikt boek om oan in lytse poppe of pjut kado te jaan!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Marrit.
Anna: “Dat een boek zo mooi geïllustreerd is en tegelijk een geweldig leuk verhaaltje heeft vind ik geniaal. Mijn dochter vraagt iedere avond weer om dit boek en ik vind dat helemaal niet erg. ;) “