Marten Groenhof - Boer Skilder yn It Heidenskip
Jan Pieter Dykstra
€20,00
Details
Marten Groenhof hat as lytse jonge al njonken nifeljen benammen nocht oan tekenjen. Om dêr nei de legere skoalle in oplieding yn te folgjen wierret de tiid – de krisisjierren – net mei. It wurdt de Lânbouskoalle; it diploma hellet er yn 1943. Op ‘it sjongen’ moetet er Itte van der Wal. Yn 1954 geane se de lange hier mei elkoar oan. Likernôch in jier letter begjinne se te buorkjen oan de Heidenskipsterdyk 31.
Njonken it boerewurk en syn artistike beuzichheden, kin Marten goed oerwei mei it timmermansark. Hy restaurearret de Friso, in tsjotter, en bout in sylskou. As it deistige wurk it talit, is Marten yn syn atelier te finen, dat se achter it buorkerijke bouwe litten ha. Syn produksje berint mear as fiifhûndert skilderijen, dy’t ferspraat rekke binne oer de wrâld. Foar dit boek is in kar makke út de skilderijen dy’t ein augustus 2020 oanbrocht binne yn It Swaeigat.
Sjoch foar it sketsboek fan Marten Groenhof: https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/de-kruspollen-sketsboek-marten-groenhof/