Lieten fan leauwe en langstme - Krúspuntbondel
Redaksje Geert van der Heide e.o.
€20,00
Details
De bondel Lieten fan leauwe en langstme is bedoeld as in oanfolling op it nije Lieteboek fan 2015. Dêr is ferlet fan, omdat it Lieteboek hast gjin lieten befettet dy’t oarspronklik yn it Frysk skreaun binne. Fierders binne der njonken it Lieteboek noch in hiel soad oersettingen yn it Frysk beskikber fan lieten dy’t graach songen wurde.
Krúspunt (moetingsplak foar it Frysk yn en om ‘e tsjerke) en Deputaten Fryske Earetsjinsten (fan ‘e frijmakke grifformeerde tsjerken yn Fryslân) hawwe de hannen gearslein om lieten út beide kategoryen te sammeljen. Mar der is ek in substansjeel oantal nije lieten selektearre. Dizze bondel mei 168 lieten, dy’t in oekumenyske opset hat, is dêrfan it resultaat.